FNP fragen oer konteners yn 'e patio fan it stedskantoar
Stadskantoor
De fraksje fan de FNP is tsjin it pleatsen fan konteners yn de binnentun fan it monumintale Burmaniahus en stedskantoar. Hja fine it, yn 'e oanrin nei KH 2018, gjin gesicht dat mei dizze 'goedkeape' oplossing de sfearrike patio mei tafleplatanen omset wurdt ta in kontenerterminal.
Polityk him utsprekke
It is it foarnimmen fan it kolleezje om op dizze wize tydlike husfesting foar amtners te realisearjen. De bomenridders ha beswier makke tsjin it fuortheljen fan de platanen. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje freget de fraksje fan de FNP oan it kolleezje om no gjin unomkearbare maatregels
te nimmen foar de de polityk him oer de saak utsprekke kin. De fraksje freget oan it kolleezje har romte te jaan foar in evenredige ofwaging.
Skriftlike fragen
Wolle jo mear witte oangeande skriftlike fragen? Op de webside schriftelijke vragen leze jo mear oer de fragen en antwurden. Hjir fine jo ek in oersjoch fan alle yntjsinne skriftlike fragen.