FNP fragen oer namme nije iishal beantwurde
elfstedenhal
Op eardere skriftlike fragen fan de fraksje fan de FNP oangeande it ferpleatsen fan it byld fan de alvestederider hat it kolleezje sein dat dit byld ferpleatst wurde sil nei it terrein fan de nije iishal en dat it byld opknapt wurde sil. De ferpleatsing jout de fraksje fan de FNP oanlieding om
oanfoljende fragen te stellen.
Namme plein en iishal
De nije skriftlike fragen fan de FNP geane oer de namme fan it alvestedeplein en de nije iishal. De fraksje is fan betinken dat de namme alvestedeplein heart by it terrein fan de nije hal en freget it kolleezje om dy namme sa fest te stellen. De fraksje freget it kolleezje ek as hja it mei
harren iens binne dat de nije iishal in Fryske namme fertsjinnet. Hja wolle dat it kolleezje befoarderet dat de nije iishal de namme Alvestedehal kriget.
Antwurd
It kolleezje seit yn syn antwurd dat hja de advizen fan de kommisje Naamgeving folgje. Dat betsjut dat de Elfstedenhal yntusken as adres Fryslanplein 1 hat. In strjitnamme wurdt faak ut histoaryske feiten wei takend. Alvestedeplein wol de kommisje op it hjoeddeistige plak bestean litte, omdat
yn it ferline der de start west hat. Datselde jildt ek foar de namme fan de nije hal. De namme Elfstedenhal is al goed ynboargere. Sjoen de gearwurking mei de eksploitant, de Stichting Elfstedenhal en de Vereniging der Friesche Elfsteden dekt dizze namme hieltyd mear de lading, sa is it
kolleezje mei de kommisje Naamgeving fan betinken.
Skriftlike fragen
Wolle jo mear witte oangeande skriftlike fragen? Op de webside schriftelijke vragen leze jo mear oer de fragen en antwurden. Hjir fine jo ek in oersjoch fan alle yntjsinne skriftlike fragen.