FNP fragen oer omrop LEO beantwurde
tv
Sunt de weryndieling fan 2014 is in part fan it earder Boarnsterhim taheakke oan Ljouwert. Sunt juny 2014 is LEO de lokale nijsstjoerder fan de gemeente Ljouwert. It soe sa weze moatte dat alle ynwenners fan de gemeente de lokale omrop untfange kinne fynt de fraksje fan de FNP.
Minsken witte it net
Neffens de fraksje fan de FNP wie de lokale omrop fan de earder gemeente Boarnsterhim by eltsenien bekend. Minsken wiene op 'e hichte fan de stjoerder en de programma's. De FNP fraksje kriget regelmjittich reaksjes en klachten binnen dat de doarpen yn it eardere Boarnsterhim gjin omrop LEO
untfange kinne. Minsken binne faak ek net op 'e hichte fan it bestean fan LEO. Yn skriftlike fragen oant it kolleezje wol de FNP fraksje witte oft it kolleezje op 'e hichte is fan it feit dat LEO net yn alle doarpen te untfangen is. Hja freegje it kolleezje om aksje rjochting LEO te unernimmen
om dit foarynoar te meitsjen. De fraksje freget it kolleezje ek oft hja it mei harren iens is dat LEO wurkje moat oan nammebekendheid en sichtberens.
Antwurd
Yn syn antwurd seit it kolleezje dat hja op e hichte binne fan it feit dat omrop LEO net yn alle doarpen fan de gemeente Ljouwert te untfangen is. De omrop wurket sels oan oplossings. Hja witte hokker problemen as der binne en wurkje der oan. Omrop LEO sil, sa gau as de omrop oeral goed
ontfongen wurde kin, in PR aksje fiere en noch mear sichtber nei buten trede.
Skriftlike fragen
Wolle jo mear witte oangeande skriftlike fragen? Op de webside schriftelijke vragen leze jo mear oer de fragen en antwurden. Hjir fine jo ek in oersjoch fan alle yntjsinne skriftlike fragen.