FNP fragen oer omrop LEO


tv

Sunt de weryndieling fan 2014 is in part fan it earder Boarnsterhim taheakke oan Ljouwert. Sunt juny 2014 is LEO de lokale nijsstjoerder fan de gemeente Ljouwert. It soe sa weze moatte dat alle ynwenners fan de gemeente de lokale omrop untfange kinne fynt de fraksje fan de FNP.

Minsken witte it net

Neffens de fraksje fan de FNP wie de lokale omrop fan de earder gemeente Boarnsterhim by eltsenien bekend. Minsken wiene op 'e hichte fan de stjoerder en de programma's. De FNP fraksje kriget regelmjittich reaksjes en klachten binnen dat de doarpen yn it eardere Boarnsterhim gjin omrop LEO
untfange kinne. Minsken binne faak ek net op 'e hichte fan it bestean fan LEO. Yn skriftlike fragen oant it kolleezje wol de FNP fraksje witte oft it kolleezje op 'e hichte is fan it feit dat LEO net yn alle doarpen te untfangen is. Hja freegje it kolleezje om aksje rjochting LEO te unernimmen
om dit foarynoar te meitsjen. De fraksje freget it kolleezje ek oft hja it mei harren iens is dat LEO wurkje moat oan nammebekendheid en sichtberens.

Skriftlike fragen

Wolle jo mear witte oangeande skriftlike fragen? Op de webside schriftelijke vragen leze jo mear oer de fragen en antwurden. Hjir fine jo ek in oersjoch fan alle yntjsinne skriftlike fragen.