Gemeente Sneek
Burgemeester Brok bepleit regionale samenwerking
In zijn toespraak bij de installatie van de nieuwe gemeenteraad op
donderdag 16 maart 2006 bepleitte burgemeester Brok vergaande
regionale samenwerking.
Yn syn taspraak by de ynstallaasje fan de nije gemeenteried op
tongersdei 16 maart 2006 bepleitte boargemaster Brok fiergeande
gearwurking yn de regio.
* Taspraak boargemaster Brok
Leden fan de Rie,
Achte oanwêzigen,
Allegearre hjit ik jimme fan herten wolkom yn wat al sûnt ieuwen de riedseal is fan 'e gemeente Snits. Yn it bysûnder in wurd fan wolkom oan de aspirant-riedsleden.
Jimme hawwe ferline wike in mandaat krigen fan de kiezers fan Snits. Foar guon betsjut dat in fuortsetting fan harren riedslidmaatskip. Foar oaren in nije útdaging dêr't se mear of minder op ta wurkje kind hawwe.
Jimme wurdt it bestjoer tabetroud fan de fjirde gemeente fan Fryslân. Jimme foarmje mei-inoar it heechste orgaan fan ús gemeente. Dat skept as kollektyf in ferplichting, mar sûnder mis ek foar jimme as yndividu.
Dêrby sille jimme jim bewust wêze moatte fan it feit dat jimme it algemien belang tsjinje en net inkeld en allinnich de represintant binne fan in spesifike groep ynwenners.
Jimme moatte jim ek bewust wêze fan it feit dat jimme it net eltsenien nei 't sin meitsje kinne.
Lêsten waard yn "Intermediair" in ûndersyk presintearre dêr't út bliek dat amtners riedsleden mei in 5,6 wurdearren. Foar wethâlders lei dat op in 6,9.
Grutte fraach bliuwt fansels wat de wurdearring is foar riedsleden dy't tagelyk demisjonêr wethâlder binne..... Spitigernôch is dat net ûndersocht.
Dêr't it fansels echt om giet, is de wurdearring fan ús ynwenners. En dat dat ek in wurdearring is, dy't net ynjûn is troch populisme......
Yn 'e Ljouwerter Krante fan 25 febrewaris lêstlyn stie dat Snits beheart ta de top tsien fan gemeenten dêr't de boargers tefreden binne.
As men dat leit neist de útkomsten fan it lêste kwaliteitsûndersyk, biedt dat perspektyf.
Dochs moatte wy foarsichtich wêze en past it ús beskieden te wêzen.
Yn tiden fan fûgelgryp mei ek ús hoanne alteast, net te betiid - net fiktoarje kraaie. Wakker wiis wêze mei jinsels kin in kritysk selsbyld behinderje en kin liede ta bestjoerlik autisme.
De kommende beliedsperioade binne der in soad boeiende ynhâldlike útdagings.
Foar de eigen ynwenners likegoed as foar de ynwenners yn 'e súdwesthoeke fan Fryslân.
Trochgeande beliedskumulaasje, regelfertichting, maatskiplike skaalfergrutting, burokratisearring en politike en maatskiplike polarisaasje twinge ús stil te stean by it boarch stean foar de lokale autonomy en it maatskiplik betrouwen yn it lokaal bestjoer.
Us minsklik kapitaal by dy fraachstikken is ús organisaasje. As it iepenbier bestjoer goed en betrouber funksjonearjen bliuwe wol, dan is in sterke organisaasje ûnmisber.
Wat is de kwaliteit fan prestearje by de útfiering fan taken op it mêd fan hanthavenje, soarch, iepenbiere oarder en feiligens en tsjinstferliening?
De kritearia binne bekend: slachfeardich, effektyf, kostebewust, publyksrjochte en bedriuwsmjittich....
Us gemeente moat mei it each op de fersterking fan de legitimaasje yn de lokale mienskip nei myn betinken ynvestearjen bliuwe yn kwaliteit.
Kwaliteit yn beslútfoarming en ek kwaliteit yn prestaasjes.
Foar ús gemeente betsjut dat mei klam, NOCH mear as foarhinne, ynvestearje yn de gearwurking tusken de gemeenten yn de súdwesthoeke fan Fryslân.
Gearwurking tusken de acht , mar ek, yntinsivearring tusken de fjouwer gemeenten yn it wetterrike gebiet fan Fryslân .
Ik haw mei mear as trochsnee belangstelling lêzen wat jimme yn jim ferkiezingsprogramma's opnommen hawwe oer de gearwurking yn de Súdwesthoeke.
Ik sjoch o sa út nei jim passaazje oer de takomst fan de súdwesthoeke yn jim wurklist foar de takomst.
As portefeuillehâlder Regiosaken (alteast op dit stuit noch) sis ik dat ek ús gemeente te kwetsber is om alle útdagings sels oan te gean.
Sterker noch: by gearwurking moat der gjin frijbliuwende wale oerhinne lizze mei allinnich oandacht foar eigen gemeente en eigen posysje of amt.
Wy moatte ús útnoege fiele net allinnich bestjoerders te wêzen fan ús gemeente mar ek fan in unyk stikje Fryslân. De Súdwesthoeke, ús efterlân. Sûnder dit efterlân kin Snits net sa'n komplete stêd wêze. Ek net yn 'e takomst.
Ynwenners identifisearje harren, alhoewol't bestjoerders it fakentiden graach oars winskje, net bot mei in gemeente..... Wol mei in doarp, in stêd of in homogeen gebiet.....
De ôfrûne tiid binne der, sa't ik it besjoch, bemoedigjende petearen fierd om de trochgeande gearwurking ek feitlik fierder foarm te jaan.
Der lizze ambysjes op romtelik ekonomysk mêd.
Der lizze ambysjes op it mêd fan amtlike gearwurking.
In ûndersyk nei it yn inoar skowe kinnen fan ferskate amtlike organisaasjes en hokker modellen dêr it bêste by keazen wurde kinne, moat nei myn betinken mei faasje oppakt wurde.
Ynvestearje yn minsken, ús meiwurkers, en harren ek in boeiend perspektyf jaan kinne yn in kwalitatyf goede organisaasje mei groei, is needsaaklik foar in oerheid dy't him legitimearje bliuwe wol.
Sterker noch.
As wy yn Snits tsjin deselde priis, deselde kwaliteit bieden bliuwe wolle, dan is der mar ien wei: amtlike skaalfergrutting.
Jimme foarmje daliks de rie fan de sintrumgemeente yn de Súdwesthoeke.
Adeldom jout ferplichtings....
Fan jo mei ferwachte wurde in fisy te hawwen op de takomst en krêftdiedigens sjen te litten op mominten dat der kardinale besluten nommen wurde moatte.
Ferskate kollega's út de súdwesthoeke wolle harren ynspanne foar dy útdaging en ek jim foarsitter sjocht dat proses as ien fan de meast boeiende útdagings foar de kommende jierren.
Wy komme by dy diskusje ek sûnder mis de provinsje tsjin. It docht my goed dat ik konstatearje mei dat sy as middenbestjoer ek ambysje toant en werklik partner wêze wol.
Achte oanwêzigen,
It sjoch der nei út dat dit de lêste rie wêze sil fan Snits mei 23 sitten...
Yn 'e selde streek fan Provinsjale steaten, wurde ek de gemeenterieden yn ús lân ferlytse.....
Dat it sil op termyn mei minder riedsleden moatte.
Noch mear as no sil dan frege wurde te bestjoeren op haadlinen.
Oanslutend by dy oansteande feroaring, is it ek goed yn it bysûnder te sjen wêr't it mei in ûnske minder ta kin....
Nei myn betinken is bygelyks in fanselssprekkend gefolch fan fierdere gemeentlike gearwurking dat net alle gemeenten mear harren eigen direkteuren en gemeentesekretarissen hawwe.
Hooplik biedt de wetjouwer yn de takomst ek de mooglikheid wethâlders mei-inoar te dielen.
Ik ferwiis yn dat ferbân nei myn pleit fan twa jier ferlyn om te kommen ta in mienskiplike wethâlder foar Toerisme foar de Súdwesthoeke.
Faaks kinne wy ek op termyn mei in pear boargemasters minder ta yn de Súdwesthoeke. En ek mei minder gemeenten.
Tiisdeitejûn ha ik it by it ôfskie fan de âlde rie hân oer de ynfiering fan it dualisme. Wy begjinne no oan de twadde perioade neffens dit format. Ik ferwachtsje dat jimme, noch mear as yn de earste perioade, in balâns fine tusken jimme kaderstellende en kontrolearjende rol en jimme rol as folksfertsjinwurdiger. Jimme foarsitter sil strang wêze, benammen foar de sittende riedsleden, ik wol minder dûblueres, minder details en ik wol dat de bydragen net sa lang fan stof binne. En dat jildt ek foar de wethâlders!.
Oansteande leden fan de rie,
Ik winskje jimme in soad nocht, sukses en tawijing ta by de funksje dy't jimme sadaliks op jimme nimme sille....
Ik hoopje dat jimme jim ynspirearre fiele by dat moaie wurk.
Tagelyk rekkenje ik op in goede gearwurking tusken jimme, siktaris en organisaasje, griffy, kolleezje en foarsitter en ik sprek dêrby persoanlik de winsk út dat de seine fan de Almachtige op ús gearwurking rêste mei.