Inspectie van het Onderwijs
26 febrewaris 2001
De kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk hâldt net oer
It docht bliken dat de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk op `e
basisskoallen , tweintich jier nei de ynfiering, nochal wat te
winskjen oerlit. Der is gjin taalbelied ûntwikkele troch de skoalen;
it learstofoanbod foldocht net oan de kearndoelen en de lessen fan in
protte leraren binne yn didaktysk opsicht kwalitatyf net sterk. It
ynnovaasjeproses is stykjen bleaun yn `e inisjaasjefase; in
doelbewuste ymplementaasje en evaluaasje hat der net west. Op dy wize
is de bydrage dy't it ûnderwiis yn it Frysk leveret amper fan
betsjutting foar de taal- en kulturele ûntjouwing fan de learlingen yn
de provinsje Fryslân.
Yn Fryslân is ûnderwiis yn it Frysk sûnt 1 augustus 1980 in ferplicht
fak foar de basisskoallen. De Ynspeksje fan it Underwiis hat in
ûndersyk dien nei de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk.
Oanlieding foar dat ûndersyk wiene de sinjalen oer in beheind
learstofoanbod en in lege prioriteit yn `e ûnderwiistiid yn relaasje
ta de kearndoelen Frysk.
Taaleftergrûn
Ut it ûndersyk docht bliken dat de taalsituaasje fan de basisskoalen
yn Fryslân bot feroare is. In tanimmend tal skoalen, no al sa'n
fyftich prosint, hat in mingdtalige populaasje. It oergrutte part fan
de skoalen lûkt lykwols gjin konsekwinsjes út dy ferskowing. Der wurdt
net folle dien oan differensjaasje yn doelstellings, wêrby't de
taaleftergrûn en de taalfeardigens fan de learlingen útgongspunt
binne. In dúdlik taalbelied, rjochte op in optimale ûntjouwing fan `e
taalfeardigens yn sawol de earste as de twadde taal, is der amper.
Learstofoanbod
It Frysk mei yn de basisskoalen as fiertaal brûkt wurde en dêrneist is
ûnderwiis yn it fak Frysk ferplichte. Foar it fak Frysk jilde de
kearndoelen Frysk, dy't identyk binne oan `e kearndoelen Nederlânsk.
Mar 26 prosent fan de skoallen hat in learstofoanbod dat foldocht oan
de kearndoelen Frysk. In soad skoallen brûke de metoade `de Fryske
Taalrotonde'. Dy metoade foldocht yn grutte halen oan de kearndoelen.
De metoade wurdt lykwols net systematysk brûkt, dêrtroch foldocht it
learstofoanbod dan noch net oan de kearndoelen.
Leraren
In analyse fan it didaktysk hanneljen fan de leraren makket dúdlik dat
in tal essensjele aspekten noch net foldwaande yn it hanneljen fan de
leraren opnommen is. Hoewol't de leraren goed op `e hichte binne fan
de taaleftergrûn fan de learlingen wurdt der amper differensjaasje
tapast. De leraren stimme har hanneljen oer it generaal amper ôf op it
ferlet en de mooglikheden fan de learlingen. Dat ûntbrekken fan
ôfstimming hat gefolgen foar de motivaasje fan de learlingen. In
oanbod dat net oerienkomt mei it taalfeardichheidsnivo fan de
learlingen wurket demotivearjend.
It docht bliken dat it ûnderwiis yn it Frysk in isolearre fakgebiet is
yn de basisskoallen. Feardichheden dy't by oare fak- en
foarmingsgebieten leard binne, wurde net tapast. Tapassing fan lês- en
skriuwstrategyen, dy't by it fakgebied Nederlânsk leard binne, komt
amper foar.
home